Cover photo for TC Teater spilet 'De leafde begrave' by TC Teater

TC Teater spilet 'De leafde begrave'

TC Teater spilet de tragikomeedzje De leafde begrave (orizjineel De liefde begraven fan Peter de Baan). Bewurke en oersetten nei it Frysk troch Gurbe Dijkstra.

Details

Saturday, Nov 28, 2026, 20:15 - 22:00

‘De leafde begrave’

Anna Wolters en Chris Marijt steane tegearre op it toaniel yn 'De leafde begrave'. In stik fan Peter de Baan yn de Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra. Under regy fan Grytha Visser.

De leafde begrave is in werkenbere, waarme en by tiden oangripende tragikomeedzje oer leafde, ferlies en de keunst fan it loslitten. As twa eks-partners inoar nei jierren wer tsjinkomme om de hûn te begraven dy't se eartiids tegearre hiene, liket it earst in ienfâldige, praktyske ôfspraak. Mar al gau wurdt dúdlik dat net allinnich de hûn in lêste rêstplak krije moat.

Tusken humoristyske konfrontaasjes, skerpe dialogen en kwetsbere mominten komme âlde oantinkens, net útprate gefoelens en lang ferburgen wierheden stadichoan nei boppen. Wat is der oerbleaun fan de leafde dy't der ea wie? En kinst it ferline wol echt achter dy litte, of nimst it altyd in bytsje mei? Mei in moaie balâns tusken humor en ûntroering hâldt dizze foarstelling it publyk in spegel foar oer leafde, ferjouwing, ferwachtings en alles wat wy soms leaver begroeven as útsprutsen hiene.

Tekst: Peter de Baan

Bewurking en oersetting: Gurbe Dijkstra

Rezjy: Grytha Visser

Spile troch: Anna Wolters & Chris Marijt

Tickets